Op de middelbere skoalle hat it fak Frysk de namme ‘Fryske taal en kultuer’. Op de measte skoallen is dat in fak yn de earste klasse, mar op hieltyd mear lokaasjes wurdt it fak ek yn hegere klassen jûn of sels as eksamenfak oanbean. De Afûk makket lesmaterialen foar alle klassen fan it fuortset ûnderwiis, en docht dat benammen digitaal.

Berneboeke-ambassadeur (fû)

Fryslân hat al sûnt 2020 syn eigen Berneboeke-ambassadeur! Sûnt jannewaris 2023 is Tialda Hoogeveen Berneboeke-ambassadeur en sy set har yn om lês- en boekewille te fersprieden. En it moaiste is dat sy ek by jim delkomme kin. Sa’n besite is hielendal fergees. Meld jim skoalle, biblioteek of oare organisaasje oan! Mear

Searje 36

Searje 36 is dé digitale lesmetoade foar it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis. De Afûk hat it lespakket mei help fan Cedin én dosinten Frysk gearstald en trochûntwikkele. Yntusken binne der neist de rige lessen foar klasse 1 in protte projekten, selsstannige learmiddels en mear ûntwikkele foar alle klassen oant en mei de eksamenklasse ta. Mear

Toetsing en evaluaasje

Grip biedt in ferskaat oan evaluaasjeynstruminten, dy’t dosinten yn en neist Searje 36 brûke kinne om de Fryske taalûntwikkeling te folgjen. It referinsjeramt Frysk (rrF) is dêrby it útgongspunt. Mear

LêsNo

LêsNo is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam yn 2015. Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen wurkje mei LêsNo gear mei as doel om de lêswille by de jonge doelgroep te fergrutsjen. Lês alles oer it projekt én it aktuele oanbod op www.lesno.nl.

Dêrom Frysk

Learlingen yn it fuortset ûnderwiis entûsjast meitsje om foar Frysk as eksamenfak te kiezen. Dat is it útgongspunt fan #dêromfrysk. Mei help fan bekende Friezen en in ynnovative ynset fan digitale middels wurde de learlingen oansprutsen en útdage om nei te tinken oer de kar foar it Frysk yn de boppebou. Mear witte? Lês dan hjir fierder.

Taalplan Frysk 2030

Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Frysk, foar no en letter. Mear witte? Sjoch dan op www.taalplan.frl.