Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.

Websites

Foar de jongste bern fynst op de website fan Tomke memory en puzels mar bygelyks ek kleurplaten, ferhaaltsjes, filmkes en ferskes. Foar wurdboek-apps, in Frysk toetseboerd foar dyn telefoan of tablet, in oersethelp en in oersjoch fan Fryske games en spultsje-apps kinst telâne op taalhelp.frl.

Apps

Fryske spultsjes spylje op dyn telefoan of tablet? Dat kin fansels ek. Op heit&mem fynst in oersjoch fan it oanbod foar bern. In moai oersjoch fan taalhelp-apps en games fynst ek op www.taalhelp.frl.

Fryske kroechkwis

De Praat mar Frysk-kroechkwis is de leukste Fryske pubkwis fan Fryslân! In pear kear it jier strike de minsken fan de Praat mar Frysk-kampanje del yn de gesellichste kroegen fan Fryslân Mear

Fysyk