Mar hoe stimulearrest it brûken fan it Frysk no? Watfoar helpmiddels binne der beskikber? Hoe dogge oare bedriuwen dat en wat kinst dêrfan leare? De Afûk jout advys en tinkt mei. Praat mar Frysk fersoarget workshops, Fryske bedriuwsfideo’s en in stimmebank.
Stimmebank
Wolst in Frysktalige reklamespot meitsje? Of in filmke, ferhaal of wat oars dêr’tst in stim yn it Frysk foar nedich hast? Dan kinst by de stimmebank fan Praat mar Frysk terjochte. Minsken dy’t niget ha oan ynsprekken, en in moaie stim ha, stean dêryn mei in profyl en stimympresje. As in stim dy befalt, kinst direkt kontakt opnimme.
Korreksje- en oersethelp
Op fersyk korrisearje wy dyn Fryske tekst of meitsje wy in oersetting. In ‘oneliner’ of in komplete webside, alles is mogelijk. Foar mear ynformaasje oer tariven en betingsten kinst kontakt mei ús opnimme. Belje 058-2343070 of mail ynfo@afuk.frl. Kinst fansels ek ynformearje by ien fan de oare beskikbere oersetburo ‘s.