Pabû / oplieding learaar basisûnderwiis (NHL Stenden Hogeschool)
Yn de oplieding ta learaar basisûnderwiis by NHL Stenden is ekstra omtinken foar meartaligens en hawwe alle studinten de kâns om it foech Frysk te heljen. Dat betsjut dat sy goed taret binne om it fak Frysk te jaan yn it primêr ûnderwiis, mar dat sy ek alle bagaazje hawwe om te wurkjen yn in meartalige omjouwing mei in meartalich programma. Tink bygelyks oan trijetalich ûnderwiis. Mear witte oer dizze stúdzje? Lês dan hjir fierder.
Learaar Frysk (NHL Stenden Hogeschool)
Wolsto dosint Frysk yn bygelyks it fuortset ûnderwiis wurde of miskien wol as lesjouwer oan ‘e slach by de Afûk? Oan de NHL Stenden Hogeschool yn Ljouwert kinst dy opliede litte ta learaar Frysk (twaddegraads foech). Dy stúdzje folgje kin yn dieltiid, foltiid of as flekstrajekt. Nijsgjirrich? Lês der alles oer op de website fan NHL Stenden Hogeschool.
Minorities & Multilingualism (bachelor RUG)
Mei it bachelor programma Minorities & Multilingualism learsto oer de talen, kultueren, skiednis en polityk fan etnolinguistyske minderheden yn de wrâld. Fierder learsto ek hoe’tsto ûndersyk dochst nei tema’s oangeande minderheden en meartaligens. Lês fierder op de website fan de Rijksuniverstiteit Groningen.
Educatie in de Taal- en cultuurwetenschappen – Friese Taal en Cultuur (master RUG)
Hâldsto fan de Fryske taal en kultuer en wolsto foar de klasse stean? Mei dizze earstegraads dosintenoplieding ferdjippest dyn kennis en wurkest oan dyn feardigens om dy kennis oer te bringen oan learlingen op alle nivo’s yn it fuortset ûnderwiis, beropsûnderwiis of folwoeksenenedukaasje. Mear ynformaasje oer dizze twa jier duorjende master fynst hjir.
Taalplan Frysk 2030
Mei it Taalplan Frysk ynvestearje wy yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Frysk, foar no en letter. Mear witte? Sjoch dan op www.taalplan.frl.