Allinnich al yn Europa wenje mear as 50 miljoen minsken dy't mear as 1 taal sprekke. Meartalichheid is dus hiel gewoan.

It hat ek in protte foardielen. Sa binne twatalige bern bygelyks taalgefoeliger, en kinne se har better fokusje en konsintrearje. Mar ast dyn bern twa- of meartalich grutbringe wolst, hoe kinst dat dan it bêste dwaan? Heit&mem hat in spesjale temapagina mei tips en eftergrûnynformaasje oer ditsoarte fragen.

Yn de ûndersteande filmkes, fan de dvd ‘Talen kleurje dyn libben’, prate âlden oer hoe’t sy thús mei taal omgean.