Yn dyn frije tiid kinst bygelyks in kursus dwaan, sjonge, nei teäter, sporte, tv sjen, lêze, winkelje... Yn Fryslân kin dat ek allegear yn it Frysk.

Op dizze side fynst allegear tips foar yn dyn frije tiid. Wolst better Frysk leare? Sjoch hjir foar in oersjoch fan ús kursussen. Wa’t graach Frysk lêze wol, fynt hjir alles op in rychje.

Oer Fryske muzyk is ek in hiel soad te fertellen. Spultsjes dwaan, sawol digitaal as yn it echt, kin fansels ek yn it Frysk.

De measte Frysktalige radio- en televyzje wurdt makke troch Omrop Fryslân mar ek troch lokale stjoerders en online is der foar sawol jong as âld oanbod te finen.  En wolst deropút yn Fryslân? Altyd dwaan want der is fan alles te sjen en te belibjen yn de provinsje. Hjir al ús tips.