Klanten stelle it op priis dat se yn harren eigen taal te wurd stien wurde. It skept in bân en bringt dyn tsjinst of produkt tichterby de klant.

Kursussen

De Afûk organisearret taalkursussen op maat foar meiwurkers fan ynstellings en bedriuwen. It kursusprogramma wurdt yn oerlis mei de groep of persoan (ek yndividuele begelieding is mooglik) fêststeld. Nei ôfrin fan de kursus kin in sertifikaat útrikt wurde.

In spoedkursus Frysk ferstean, lêzen en/of sprekken heart ek ta de mooglikheden. Yn ien midwike wurdt de kursist op Skylge folslein ûnderdompele yn it Frysk. Koart, yntins en mei garânsje op sukses.

Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei de kursusorganisaasje fan de Afûk. Belje 058-234 30 79 of stjoer in mail.

Workshops

Untdekke wat dyn bedriuw en regio bysûnder makket en leare hoe’tst dat oerbringe kinst op dyn gasten, relaasjes en kunde? De workshop Gastfrij Frysk is mear as in workshop Gasthearskip. Hjir learst op ‘e nij te sjen nei de eigenheid fan it bedriuw, de kultuer, de taal, de streek en de eigen identiteit, en dat op in natuerlike, autentike wize oer te bringen op dyn gasten.

De workshop Taal op it Wurk is in dynamysk en luchtich petear oer taal en yn it bysûnder oer taal op it wurk.
It moaie is: alles kin sein wurde en mei der wêze! Wat betsjut taal foar dy? Hoe belangryk is it? En taal op it wurk: hoe fielt dat eins foar dy? Brûksto taal as middel yn dyn wurk en hoe dochst dat? Of soest it graach brûke wolle? Wêr rinst tsjinoan en wat bist nedich?

Hoe giet dat mei taal tusken kollega’s en mei it management, de direksje, de bestjoerders?
En hoe wurket it mei taal yn it kontakt mei klanten of ynwenners? De wurksjop is bedoeld om ús bewust te wurden fan ús taal en de rol dy’t taal spylje kin yn it deistich wurk. De dialooch set oan ta tinken én daget út ta ekspearimint en aksje.

Yn it ferlingde dêrfan wurdt is op dit stuit ek de worksjop Taalpsychology yn ûntwikkeling.

Foar mear ynformaasje oer dizze nijsgjirrige workshop kinst kontakt opnimme mei Mirjam Vellinga.