It brûken fan it Frysk is by in soad gemeenten en oare oerheidsynstellingen fanselssprekkend. Wêrom soe in gemeente dan taalbelied hawwe moatte en wat heakket in oardering dêroanta?

Hoe hawwe se dat regele by oare Fryske gemeenten? Hoe folje wy soks yn? Mar ek: hokker helpmiddels binne der foar it skriuwen fan in Fryske brief of notysje? De Afûk helpt graach by it meitinken oer – en ûntwikkeljen fan taalbelied en by de útfiering dêrfan. By gemeenten en oare oerheidsynstellingen, mar ek by soarch- of wolwêzensorganisaasjes. Op gemeentenenfrysk.nl fynst mear ynformaasje oer taal- en kultuerbelied, best-practices en ynformaasje en advys oer it Frysk by de oerheid.