Voor niet-Friestaligen: verstaan, lezen en spreken
Bist yn Fryslân kaam te wenjen en wolst de taal ferstean? Of wennesto hjir al wat langer en wolst it Frysk praten leare? Dan bist by de Afûk op it goede plak. Skriuw dy fuortendaliks yn foar in kursus Fries verstaan of in kursus Fries spreken by dy yn ‘e buert.
Foar Frysktaligen: skriuwe, skiednis en literatuer
Frysk skriuwen is net sa dreech as faak tocht wurdt. Je witte fakentiids mear as dat je tinke! Learendewei silst dat ek fernimme. Doch in kursus Frysk skriuwen om dyn skriuwfeardigens yn it Frysk yn de fingers te krijen of spikerje dyn stavering en grammatika online by. Mar ek in kursus oer skiednis of literatuer is ûnderdiel fan ús folsleine kursusoanbod.
Blinder of blunder
Kensto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Begiest in blunder of wurdt it foar dy in ‘blinder’? Test dyn taalkennis mei blinder of blunder fan PraatmarFrysk. In pear kear yn de wike krijst dan fjouwer nije fragen oer it Frysk tastjoerd, sa learst nochris wat!
Hokker kursus past by dy?
Twivelsto oer hokker kursus by dy past? Sjoch dan ris by meast stelde fragen op de webside kursus.afuk.frl, meitsje in proefles (kies: fierder gean as gast) of folgje stap foar stap it skema ‘welke cursus Fries kan ik het beste volgen‘.