It jaan fan taaladvys, it neisjen fan koarte teksten of it letterlik oersetten fan in pear wurdsjes is by de Afûk in service dy’t wy fergees oanbiede. Dat jildt ek foar it neisjen fan bertekaartsjes en -advertinsjes, roubrieven en -advertinsjes en troukaarten. Stel dyn fraach of lis dyn fersyk by ús del fia ynfo@afuk.frl. NB: op freeds moatte wurden en/of koarte teksten foar 12.00 oere telefoanysk by ús oan oanbean wurde: 058-2343070. Kin it wachtsje oant moandei, dan stjoerst dyn fraach of fersyk fia de mail. Krigest yn de nije wurkwike dan sa gau as mooglik berjocht fan ús werom.
Foar it neisjen of oersetten fan gruttere stikken tekst freegje wy in fergoeding. Foar ynformaasje oer tariven en betingsten kinst kontakt mei ús opnimme. Belje 058-2343070 of mail ynfo@afuk.frl. Kinst fansels ek ynformearje by ien fan de oare beskikbere oersetburo ‘s.
Op de site fan heit&mem steane ek in protte berte-, rou- en trouteksten en gedichten.
Bertegedichten
Houliksteksten en -gedichten
Routeksten en -gedichten foar bern
Of download hjir de PDF mei alle roudichten:
Routeksten en -gedichten (PDF)