Kursus op maat
Foar meiwurkers fan ynstellings en bedriuwen organisearret de Afûk kursussen op maat. In kursusprogramma kin yn oerlis mei de groep of persoan (ek yndividuele begelieding is mooglik) fêststeld wurde. Freegje by de kursusorganisaasje frijbliuwend nei de mooglikheden of in offerte.
Workshop Gastfrij Frysk
Untdekke wat dyn bedriuw en regio bysûnder makket en leare hoe’tst dat oerbringe kinst op dyn gasten, relaasjes en kunde. De workshop Gastfrij Frysk is mear as in workshop Gasthearskip. Hjir learst op ‘e nij te sjen nei de eigenheid fan it bedriuw, de kultuer, de taal, de streek en de eigen identiteit, en dat op in natuerlike, autentike wize oer te bringen op dyn gasten. Foar mear ynformaasje oer dizze nijsgjirrige workshop kinst kontakt opnimme mei Praat mar Frysk.
Workshop Language Awareness
Hoe taalgefoelich bisto? Bist in goed fersteander? En wat witst eins fan dy oare rykstaal yn Nederlân en fan oare (streek)talen dy’t yn Nederlân praat wurde? Makkest optimaal gebrûk fan de rol fan taal yn dyn wurk? Dizze en mear fragen komme oan bod by de workshop Language Awareness. Wurd dy bewust fan de rol fan taal en doch der dyn foardiel mei! Mear witte oer dizze workshop? Stjoer in mail nei de Afûk of belje 058-2343070.