Ljouwert-Fryslân 2018-2028
Yn 2018 wie Ljouwert-Fryslân kulturele haadstêd fan Europa. De hiele provinsje brûze noch mear as oars! En dat giet fierder mei Ljouwert-Fryslân 2028. Op www.lf2028.eu lêst der alles oer. Op www.friesland.nl kinst ynspiraasje opdwaan foar leuke aktiviteiten, in deike fuort of sels in hiele fakânsje.
Lân fan Taal / City of Literature
Winkelje
Yn de Afûk boek- en kadowinkel kinst terjochte foar Fryske boeken, sawol foar folwoeksen as bern, mar ek foar kreamkadootsjes, klean en sûvenirs mei in Frysk tintsje. Boppedat binne der Frysktalige cd’d, dvd’s en games te krijen. En wa’t gek is op Tomke hat yn de winkel ek kar-út!De Afûkwinkel is te finen oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert, mar ek yn de webshop is alles te krijen.
Yn de Leeuwarden Cityguide fynst in moai oersjoch fan wat der allegear yn Ljouwert noch mear te shoppen mar ek te sjen, te dwaan en bygelyks te iten is.