Sichtber Frysk, Frysk sichtber

Yn 2018 kaam it Frysk Sosjaal Planburo mei  prachtich nijs: Friezen binne de lokkichste ynwenners fan Nederlân. It fûnemint foar it lokkige gefoel yn Fryslân wurdt foarme troch de iepen mienskip, wêrynt’t de minsken nei inoar omsjogge, en it prachtige lânskip. Fansels draacht de eigen taal ek by oan dat loksgefoel. Elkenien ferstiet inoar yn Fryslân, hokker taal der ek praten wurdt. It Frysk is foar mear as de helte fan de Friezen harren memmetaal. In taal dy’t troch in protte minsken ek alle dagen brûkt wurdt. Dêrneist hearre jo Nederlânsk, Ingelsk, én allerhande streektalen. Dêrmei is Fryslân in foarbyld fan in rike meartalige mienskip, dêr’t it Frysk as deistich kommunikaasjemiddel yn oerein bliuwt, mar ek essinsjeel is foar in literatuer- en teätertradysje dy’t libbet as in hert.

It motto fan ús foarige beliedsplan wie ‘ferbine en diele’ en dat dogge wy noch altyd. Wy wolle gearwurkje mei alle oare organisaasjes dy’t harren ynsette foar de Fryske taal en kultuer, mei organisaasjes dy’t har ynsette foar oare minderheidstalen yn Europa en mei organisaasjes dy’t in grutte rol spylje yn en foar de Fryske mienskip. Wy dogge dat by de Afûk út it bewustwêzen wei dat wy in profesjonele organisaasje binne mei kundige en besiele minsken dy’t neat moaier fine as wurkje oan de befoardering fan ús taal. Dêrmei helpe wy de Fryske mienskip foarút en bliuwt ús prachtige taal oerein. Dêr wurde wy lokkich fan!

Lês yn ús beliedsplan 2020-2024 hoe’t wy dêr de kommende jierren stal oan jaan wolle of sjoch werom op ús wurk troch ús jierrekken en jierferslach 2022. In spesjaal nûmer fan tydskrift de Moanne dat yn 2018 ferskynde by it 90-jierrich jubileum fan de Afûk jout ek in moai byld fan wat wy allegear dogge. Download hjir dy spesjale edysje.

Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen