It boekje Taal fan it hert fertelt it ferhaal fan de posysje fan de Fryske taal. Tink bygelyks oan it Frysk yn it ûnderwiis en it brûken fan it Frysk yn de frije tiid. It boekje is nijsgjirrich foar Friezen likegoed as foar net-Friezen. Provinsje Fryslân stelt it boekje fergees beskikber yn fjouwer talen: Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk. Neist it boekje is der ek in app. Yn de Taal fan it hert-app is oanfoljend materiaal te finen oer ûnderwerpen yn it boekje. Ek befettet de app in GPS-kuierrûte troch Ljouwert. De rûte giet plakken en ikoanen mei in grutte betsjutting foar it Frysk by del.
Wolst in eksimplaar fan it boekje Taal fan it hert ûntfange? Dat kin fia de website fan de provincie Fryslân. Kinst hjir ek de pdf besjen: Taal fan it hert (Frysk) of fansels de app Taal fan it hert downloade op dyn smartphone fia App Store of Google Play.