Sykje nei:

Kursussen Frysk foar folwoeksenen

In kursus Frysk folgje kin by de Afûk yn allerhande foarmen: fan Frysk ferstean oant Frysk skriuwen en fan selsstúdzje oant in kursus op maat. Der binne ek kursussen oer de skiednis en kultuer fan Fryslân en it is mooglik om in oplieding ta taaldosint Frysk te dwaan.

Workshop Gastfrij Frysk

Untdekke wat dyn bedriuw en regio bysûnder makket en leare hoe’tst dat oerbringe kinst op dyn gasten, relaasjes en kunde. De workshop Gastfrij Frysk is mear as in workshop Gasthearskip. Hjir learst op ‘e nij te sjen nei de eigenheid fan it bedriuw, de kultuer, de taal, de streek en de eigen identiteit, en dat […]

Kursus op maat

Foar meiwurkers fan ynstellings en bedriuwen organisearret de Afûk kursussen op maat. In kursusprogramma kin yn oerlis mei de groep of persoan (ek yndividuele begelieding is mooglik) fêststeld wurde. Freegje by de kursusorganisaasje frijbliuwend nei de mooglikheden of in offerte.

Oer it Frysk

Der is gjin provinsje dêr’t minsken har sa bot dwaande hâlde mei harren taal as Fryslân. Sûnt jier en dei prate we hjir Frysk – yn al syn farianten –, Nederlânsk en/of ien fan de streektalen. Fryslân is dus echt in meartalige provinsje. 

Op it wurk | Praat mar Frysk, ek op it wurk!

Frysk prate is hiel gewoan, ek op it wurk. De Afûk stimulearret dat en wurket oan in sterker imago foar it Frysk.

Kursussen Frysk foar bedriuwen

Klanten stelle it op priis as se te wurd stien wurde yn harren memmetaal. It skept in bân en bringt dyn tsjinst of produkt tichter by de klant. Ek minsken fan bûten stelle it tige op priis dat se wat fan de Fryske taal en it Frysk eigene meikrije as dat op in leechdrompelige, gastfrije […]