Kom mar efterom

Frije tiid
19 oktober 2020
Yn Fryslân is it in goed gebrûk en belje net oan by de foardoar mar gean efterom. Dat jildt de kommende dagen ek foar ús boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Yn ferbân mei wurksumheden oan de winkeldoar freegje wy ús klanten en besikers om even in oare rûte te nimmen. Tongersdei 22 oktober o.s. is it wurk klear en kin elk wer fia de gewoane wei nei binnen. Dat is wol sa handich.

De Afûk boek- en kadowinkel is iepen op moandeis fan 13.00-17.30 oere, op tiisdeis oant en mei freeds fan 9.30-17.30 oere en op sneons fan 10.30-17.00 oere. Of winkelje 24/7 yn ús websjop. Foar alles yn en oer it Frysk!