Meartalichheid befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Dat is it útgongspunt fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). It SFBO helpt liedsters yn it pjuttewurk en de berne-opfang by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. Persoanlik en saakkundich. Foar mear ynformaasje oer it SFBO sjochst op harren webside.