Untdekke wat dyn bedriuw en regio bysûnder makket en leare hoe'tst dat oerbringe kinst op dyn gasten, relaasjes en kunde. De workshop Gastfrij Frysk is mear as in workshop Gasthearskip. Hjir learst op 'e nij te sjen nei de eigenheid fan it bedriuw, de kultuer, de taal, de streek en de eigen identiteit, en dat op in natuerlike, autentike wize oer te bringen op dyn gasten. Foar mear ynformaasje oer dizze nijsgjirrige workshop kinst kontakt opnimme mei Praat mar Frysk.