Wa wol no net sa'n moai Tomke Trompke mei nei skoalle of nei de oppas of wêr dan ek mar hinne? No foar € 4,95 te keap yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert of fia ús webshop!
De mummys yn Wiuwert sprekke al iuwenlang ta de ferbylding. Foar skriuwer Jorrit de Klerk fan Harns wie dat oanlieding om dêr in spannend berneboek oer te skriuwen. De rôf fan de Fryske mummy / De Friese mummieroof is basearre op it echte geheim fan de mummys fan Wiuwert. In mystearje dat al hûnderten jierren […]
Hjoed sette de Lês-mar-foar-wiken útein. Oant en mei 27 septimber is der yn de hiele provinsje ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk. Dêrom komme der by de Afûk krekt dizze wike twa nagelnije Fryske foarlêsboeken út: Boer Boaris en Joazefine yn ’e rein. Beide boeken binne fan hjoed ôf te keap.