Acht winners fan Rely Jorritsmapriisfraach 2024

Frije tiid Oer it Frysk
15 july 2024
Trije ferhalen en fiif gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. Der wiene 89 ynstjoeringen ynkommen, 51 gedichten en 38 ferhalen. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei € 1.000,-. De priisútrikking sil wêze op sneon 5 oktober yn it Mammemahûs te Jellum.

It giet om de ferhalen ‘Boat’ fan Jilt Jorritsma (Eindhoven), ‘Wollekje’ fan Geert Nauta (Ljouwert) en ‘De skroei fan ’e loop’ fan Koos Tiemersma (Drachten).

De winnende gedichten binne ‘Waskersfersen’ fan Erik Betten (Dronryp), ‘Servus’ fan Fedde Douwes Dijkstra (Ljouwert), ‘Yn elke hertslach’ fan Wietze Numan (Drachten), ‘Mummy’ fan Gerrit de Vries (Schiedam) en ‘Fiere wake’ fan Syds Wiersma (Bears).

It is dit jier de 70ste kear dat de Rely Jorritsmaprizen útrikt wurde. Der wiene 89 ynstjoeringen ynkommen, 51 gedichten en 38 ferhalen. De sjuery bestie út Oene Spoelstra, Marrit de Schiffart en Gerbrich van der Meer. De priisútrikking sil wêze op sneon 5 oktober yn it Mammemahûs te Jellum.

Rely Jorritsma
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste gedichten en ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. It kolleezje fan B. en W. fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum, is tafersjochhâlder fan it Rely Jorritsmafûns en hat de organisaasje yn hannen lein fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).