Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA by Boekpromoasje CSG Bogerman

14 desimber

Yn Koudum dogge vmbo-learlingen by harren Fryske les eat hiel moais: se ûntwikkelje in boekpromoasje foar basisskoallebern. Yn groepkes fan trije riede sy it ta. Se lêze foar út in berneboek en meitsje der in leuke útwurking fan, lykas in spultsje of poppekastfoarstelling. De Berneboeke-ambassadeur komt del om tips te jaan foar boeken en opdrachtjes. Hoewol: miskien ûntfangt sy sels wol goede tips hjoed!