Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA op besite by basisskoalle ‘de Opstekker’ yn Heech

2 novimber

Hjoed jout de Berneboeke-ambassadeur (BBA) wurkwinkels yn Heech op basisskoalle ‘de Opstekker’ by de groepen 4, 5 en 6. De skoalle bestelt ek ien fan ús moaie lêspakketten. Wisto datst dy foar mar 75 euro bestelle kinst? Yn in lêspakket foar de basisskoalle sitte tsien boeken, foar alle groepen wat. Wolle jim dat op jim skoalle ek? Lês mear oer it wurk fan de BBA én oanmelden foar in besite op berneboekeambassadeur.frl.