Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA op besite by basisskoalle It Finster yn Warkum

29 novimber

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur (BBA) yn Warkum by CBS It Finster. Dêr sil sy wurkwinkels jaan oan de groepen 6, 7 en 8. Sy fertelt oer har wurk, sil foarlêze en de bern kinne har fragen stelle. Fansels sille de learlingen ek sels oan de slach mei in ferhaal! Wolst mear witte oer it wurk fan de BBA? Sjoch dan op berneboekeambassadeur.frl.