Boekpresintaasje ‘Redbad’ yn Broeksterwâld

28 juny

Hjoed is de boekpresintaasje fan ‘Redbad‘, it byldferhaal (graphic novel) oer de Fryske kening Redbad, troch Skelte Siweris Braaksma, nei it boek fan Willem Schoorstra. De boekpresintaasje wurdt hâlden yn de Theatertún yn Broeksterwâld om 16.00 oere (15.30 ynrin). Willem Schoorstra is sprekker en der is in optreden fan Sjoerd Steegstra fan Baldrs Draumar. Elkenien is fan herten wolkom!
It boek Redbad is fan 28 juny ôf te keap, mar kin no al foar-besteld wurde fia de Afûk-websjop.