Boekpresintaasje ‘Skearing en Ynslach’

22 septimber

Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: ‘Skearing en Ynslach’, de nijste ferhaleroman fan Bouke van der Hem (Tersoal, 1946).
Op freedtemiddei 22 septimber fan 15.30 oere ôf presintearret Bouke van der Hem syn ferhaleroman yn de Afûk-winkel yn Ljouwert (Boterhoek 3). Elkenien is fan herte wolkom. Nei in koarte yntroduksje troch útjouwer Ernst Bruinsma sil de skriuwer sels in taljochting jaan op syn wurk en in tal fragminten foarlêze.