Tredde edysje spoken word-jûn Hoge Woorden

15 septimber

Op freed 15 septimber om 20:00 oere organisearje Explore the North, Leeuwarden UNESCO City of Literature en Marrit Jellema de tredde edysje fan Hoge Woorden yn de Westerkerk yn Ljouwert. Ditkear mei spoken word-artysten Derek Otte, Zeinab el Bouni, Benzokarim, Sannemaj Betten en Jooz.
Hoge Woorden is it nije poadium foar spoken word yn Fryslân. Puere optredens, fol enerzjy en oertsjûgingsfermogen. Persoanlik en kritysk, mei in unike miks fan noardlike makkers en keunstners út hiel it lân. Bekende nammen én opkommende talinten.