Der is wer in nije heit&mem!

Frije tiid Oer it Frysk
12 juny 2024
In moai nij simmernûmer fan de heit&mem leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Dit kear giet it yn de heit&mem oer: it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurden, foto's fan bern mei bisten, de nijs Fryske berneboeken en noch folle mear!

Op de cover stiet Jonne Sverre Sinnige (7) út Ie. Jonne Sverre hâldt fan bisten. Hy hat twa keallen dy’t er moarns en middeis sels molke jout (kealleboarnt). Ek hat er trije hinnen yn in prachtich hokje. Hy is der grutsk op dat er mei in hin op de cover fan de nijste heit&mem stean mei!

It tydskrift heit&mem wurdt yn in oplaach fan 36.000 stiks troch hiel Fryslân rûnbrocht en is te krijen by û.o: biblioteken, skoallen, sikehúzen en bernedeiferbliuwen. Mear ynformaasje fynst hjir. Kinst ek in eksimplaar thús besoargje litte. It blêd is hjir fergees online te bestellen, dan betellest allinne de fersjoerskosten. Wolst der mear as 2 ha? Dan kinst se it bêste efkes sels ophelje yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.

Wolsto tenei ek graach de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of yn dyn organisaasje/bedriuw? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl, ek foar suggestjes en fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de heit&mem.

In protte lêswille tawinske!

Podcast
Hast de nije heit&mem-podcast al belústere? Yn de podcast prate Froukje Sijtsma (host fan de podcast) en Dieuwke van der Meer (host en haadredakteur fan de heit&mem) oer it grutbringen fan bern en alles wat dêr omhinne spilet.

It is alwer de tredde heit&mem-podcast. Dit kear is Menno Tuik te gast, hy is psychofysyk weerbaarheidscoach foar folwoekseen en bern én skriuwer fan it boek ‘Ut mut der út’. Syn stelling is: We moatte minder prate én folle mear bewege.Twadde gast is Jeannette Numan. Sy hat jierrenlang as jeugdhelpferliener wurke, mar is no direkteur fan SFBO, stichting Frysktalige Berneopfang. Dy moediget bernedeiferbliuwen en gastâlden yn Fryslân oan om konsekwint ek de Fryske taal te brûken by. Har stelling is: mei it Frysk komst folle fierder as allinnich Fryslân.
De podcast kinst hjir belústerje.

Nije website
Boppedat hat heit&mem in nije look and feel krigen en dêrby heart ek in nije website! Sjoch mar: heitenmem.frl