Fryske Keimpe-boekjes foar alle basisskoallen yn Noardeast-Fryslân

Leare & ûnderwiis
11 septimber 2024
De gemeente Noardeast-Fryslân hat yn gearwurking mei de Afûk der foar soarge dat de bern fan groepen 1 oant en mei 4 fan alle skoallen yn de gemeente fergese boekjes krije fan Keimpe de Krokodil.

It is wichtich om it lêzen by bern te stimulearen, en dêr heart ek it Frysk lêzen by. Fan 9 oant en mei 27 septimber 2024 binne it wer de Lês-mar-foar-wiken. Nei oanlieding fan dy wiken komt alle jierren in Keimpe-boekje út.

Basisskoalle De Welle hie de primeur
Moandeitemiddei wie Wethâlder Hanneke Jouta oanwêzich op Basisskoalle De Welle yn Burdaard. Dêr mocht sy oan de skoalle it earste Keimpe boekje yn de gemeente útdiele.

“It wie in middei wêrby’t it Frysk lêzen sintraal stiet. It is wichtich dat alle bern tagong ha ta boeken, wêrûnder Fryske boeken. Dit is ek part fan ús Frysk taalbelied dat wy as gemeente fêststeld hawwe en wy fiere dat út wêr’t wy mar kinne. It feit dat alle bern fan groepen 1 oant en mei 4 op de basisskoallen yn ús gemeente no in Frysk boekje krije is dêr in moai foarbyld fan”. Dat sei wethâlder Hanneke Jouta moandeitemiddei by it oerhannigjen fan de boekjes.

Op de foto’s steane: Wethâlder Hanneke Jouta, Binne-Dick Dijkstra (direkteur basisskoalle De Welle Burdaard), Juf Marjan (dosint basisskoalle De Welle Burdaard), Tjitske van Dijk (projektmeiwurker primêr ûnderwiis en skoalstiper Taalplan Frysk by Afuk).