Wolst mei dyn pjut ek Frysk boartsje op de tablet? Der binne prachtige Fryske apps fergees te downloaden yn de App Store of Google Playstore. Apps spesjaal foar pjutten binne bygelyks Tomke, Lytskes, Hantsjes yn ‘e Hichte en It Grutte Foarlêsboek. Besjoch hjir de folder ‘Apps foar lytskes’ of freegje in fergees eksimplaar oan fia ynfo@afuk.frl.