Nije ‘indiegame’ SCHiM fol Fryske eleminten útbrocht

Frije tiid
18 july 2024
De 'indiegame' SCHiM, ûntwikkele troch de Fryske talinten Ewoud van der Werf (Twellingea) en Nils Slijkerman (Ljouwert), is hjoed wrâldwiid útbrocht en makket in enoarme yndruk. De game befettet boppedat in tal aardige Fryske eleminten en is ek yn it Frysk te spyljen. SCHiM is fan hjoed ôf - 18 july - beskikber op alle grutte platfoarms.

De ûntspannende indiegame (in ‘independent game’: makke troch gamestudio’s dy’t ûnôfhinklik binne en harren games sels útjouwe) mei de namme SCHiM, hat in unike styl dy’t fuortkomt út de kleureblinens fan ien fan de twa ûntwikkelers. Ewoud van der Werf socht yn 2020 as studint Gamedesign oan de Friese Poort yn Ljouwert, in plak foar syn ôfstudearstaazje. By gamestudio Extra Nice, yn it skaad fan de Aldehou, begjint er oan syn projekt. Hy komt mei in earste ferzje fan SCHiM en staazjebegelieder Nils Slijkerman sjocht der fuortendaliks in soad potinsje yn.

Van der Werf makke de wrâld dêr’t SCHiM him yn ôfspilet. Hy kiest foar in opfallende kleurekombinaasje, dy’t ûntstien is út it feit dat er foar in part kleureblyn is, wêrtroch’t de game foar it grutste part foarmjûn is yn mar twa of trije kontrastearjende kleuren. In unike look, dy’t goed oanslacht by it publyk. De kombinaasje fan dy styl en it ferhaal yn de game soarget foar in grutte ynternasjonale spotlight op SCHiM. Wat de twa Friezen opfoel, is dat it Nederlânske strjitbyld yn de game ek sa bot oansprekt. De ynspiraasje foar de omjouwing komt ûnder oaren út Fryslân.

Basearre op echte plakken yn Fryslân en Noard-Hollân
SCHiM is in sjarmante game oer it helpen fan in ferlern skaad dat syn wei werom besiket te finen nei syn minske, troch fan skaad nei skaad te springen. Wylst je sykje nei tûke manieren om je troch de wrâld te bewegen, ûntdekke je lytse ferhalen en sjarmante details dy’t yn de omjouwing ferburgen binne. In soad lokaasjes yn it spul binne basearre op echte plakken yn Fryslân en Noard-Hollân, wat de game in unyk Nederlânsk tintsje jout.

Under oaren de Wetterpoarte út Snits en Ús Mem út Ljouwert komme werom yn it spul. Ek is der in level dy’t swier ynspirearre is op it stasjon fan Ljouwert. Alle objekten dy’tst fine kinst yn it spul komme dúdlik yn byld mei de Fryske namme.

Meartalich
SCHiM is te spyljen yn meardere talen om in breed publyk te berikken. It spul is beskikber yn ûnder oaren it Nederlânsk, Frânsk, Ingelsk, Arabysk, Japansk, Sineesk en Spaansk. Dêrtroch kinne spilers wrâldwiid genietsje fan dizze unike game yn harren eigen taal.
De folsleine game is ek oerset yn it Frysk en dat is unyk foar in game dy’t op sa’n soad platfoarms ferskynt en sa breed oppikt wurdt.

SCHiM is fan 18 july ôf beskikber op PC, Mac, Linux, PlayStation 5 en 4, Nintendo Switch en Xbox. Mear ynformaasje is te finen op de offisjele website fan SCHiM.