Nij ferskynd by de Afûk: ‘Heity! Help!!’

Boeken fan Fryslan Frije tiid
5 septimber 2024
Heity! Help!! is in nij ferhaal fan Thys Wadman, mei yllustraasjes fan Wim Swart. In prachtich ynbûn boek mei 36 siden. It boek giet oer Hidde, dy't wat frjemds heart yn syn sliepkeamer. Hidde ropt om syn heity, want dy kin him helpe. Dochs...?

As Hidde op bêd leit, heart er frjemde lûden. Soe dat in bist wêze? Of miskien in meunster? Hidde wurdt bang en ropt om syn heit. Dy moat him helpe. Heit sil it bist of it meunster grif wol fange kinne. Of fuortjeie. Mar oft dat slagget?

It boek is foar € 14,95 te keap yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel en fansels ek yn de Afûk Websjop.

Heity! Help!! is de Lêstip fan Keimpe fan de moanne septimber! Sjoch op de website fan heit&mem foar noch mear leuke aktiviteiten en tips dy’t passe by dit boek! Want by elke lêstip krigest fan Keimpe ek noch wat ekstra’s, bygelyks in kleurplaat, in lesbrief, in filmke, nifeltips en fansels boekresinsjes. De Lêstip fan Keimpe wurdt alle moannen bekend makke fia de webside fan heit&mem.