Sykje nei:

Bysûndere Aldfryske fragminten opdûkt yn Eastenryk

Yn de Eastenrykske Nasjonale Biblioteek yn Wenen binne twa bysûndere Aldfryske fragminten oantroffen. It giet ûnder oare om siden fan in oant no ta ûnbekende ferzje fan de Aldfryske Wilkarren fan de Fiif Dielen, dy’t taalkundich datearre wurde kinne yn de iere 14e iuw.

Fryske Keimpe-boekjes foar alle basisskoallen yn Noardeast-Fryslân

De gemeente Noardeast-Fryslân hat yn gearwurking mei de Afûk der foar soarge dat de bern fan groepen 1 oant en mei 4 fan alle skoallen yn de gemeente fergese boekjes krije fan Keimpe de Krokodil.

Twa nije boeken ferskynd by de Afûk: ‘Boer Boaris’ & ‘Joazefine yn ’e rein’

Hjoed sette de Lês-mar-foar-wiken útein. Oant en mei 27 septimber is der yn de hiele provinsje ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk. Dêrom komme der by de Afûk krekt dizze wike twa nagelnije Fryske foarlêsboeken út: Boer Boaris en Joazefine yn ’e rein. Beide boeken binne fan hjoed ôf te keap.

De Afûkside fan sneon 7 septimber 2024

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.

Nij ferskynd by de Afûk: ‘Heity! Help!!’

Heity! Help!! is in nij ferhaal fan Thys Wadman, mei yllustraasjes fan Wim Swart. In prachtich ynbûn boek mei 36 siden. It boek giet oer Hidde, dy’t wat frjemds heart yn syn sliepkeamer. Hidde ropt om syn heity, want dy kin him helpe. Dochs…?