Sykje nei:

Praat mar Frysk

Mei de Praat mar Frysk-kampanje wolle wy Friezen bewust meitsje fan ús taal en identiteit en de mearwearde sjen litte fan ús meartaligens. Simpel sein: drompels fuortnimme om it Frysk te brûken. Praat mar Frysk by de bakker, bank, dokter, it gemeenteloket, yn de bus en op it sportfjild, omdat it kin!

Projekten

By de Afûk giet alles oer taal, de Fryske taal yn it bysûnder. Al mear as 90 jier jout de Fryske taal en kultuer ús besteansrjocht wêrby’t it ferskaat oan wurksumheden binnen de Afûk geandewei de jierren hieltyd grutter wurden is. Wy hawwe de winkel, de útjouwerij, de kursussen en de ûnderwiismetoaden, mar wy wurkje […]

Meartalich de bern grutbringe

Allinnich al yn Europa wenje mear as 50 miljoen minsken dy’t mear as 1 taal sprekke. Meartalichheid is dus hiel gewoan.

Fryske talen yn Dútslân

Yn it noarden fan Dútslân wurdt ek Frysk praten: Noardfrysk en Sealterfrysk.

Streektalen yn Fryslân

Neist Frysk en Nederlânsk wurde yn ‘e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy’t yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy’t lânseigen binne yn ‘e súdeastlike râne fan ‘e provinsje.

Organisaasjes foar it Frysk

Der binne in stik as wat organisaasjes dy’t opkomme foar de belangen fan it Frysk, of der wittenskiplik ûndersyk nei dogge.