Sykje nei:

Frysk foar bedriuwen

De measte Fryske bedriuwen en organisaasjes stean posityf foar it brûken fan it Frysk oer. It brûken fan de taal fan de klant fergruttet de klanttefredenheid, fersterket de identiteit as Frysk bedriuw en is in goede klantebiner. Gastfrij Frysk neame we dat.

Frysk by de oerheid

It brûken fan it Frysk is by in soad gemeenten en oare oerheidsynstellingen fanselssprekkend. Wêrom soe in gemeente dan taalbelied hawwe moatte en wat heakket in oardering dêroanta?

Workshops foar soarchprofessionals

Taal is bepalend foar it wolwêzen fan minsken dy’t soarch nedich hawwe. Fiel ik my thús, fielt it fertroud, bin ik op myn gemak? Dat gefoel hinget gear mei de taal dy’t troch fersoargers sprutsen wurdt.

Workshop Language Awareness

Hoe taalgefoelich bisto? Bist in goed fersteander? En wat witst eins fan dy oare rykstaal yn Nederlân en fan oare (streek)talen dy’t yn Nederlân praat wurde? Makkest optimaal gebrûk fan de rol fan taal yn dyn wurk? Dizze en mear fragen komme oan bod by de workshop Language Awareness. Wurd dy bewust fan de rol […]

Workshops

Wolst leare wat taal mei dy docht, en hoe’tst taal ynsette kinst yn kontakt mei oarstaligen, of wolst mear witte oer it ynsetten fan de eigen taal yn soarchsituaasjes? Ynformearje dan nei ús workshops. Wy kinne bygelyks in workshop Frysk skriuwen foar de redaksje fan in doarpskrante organisearje, útlis jaan oer it belang fan taal […]

Subsydzjemooglikheden

By de Provinsje Fryslân binne ferskate subsydzjes oan te freegjen foar projekten en produkten yn, oer en foar de Fryske taal.