Sykje nei:

Lêze

Lêze kin oeral en altyd. Thús op de bank, op bêd, yn de trein, op it stasjon, yn it park, op de heide, op it strân, yn it kafee. Troch te lêzen komst yn in oare wrâld, krigest nije ynsjoggen en komst op oare gedachten. It ferriket dyn libben, ferbredet en ferdjippet dyn kennis.

Blinder of blunder

Kensto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Begiest in blunder of wurdt it foar dy in ‘blinder’? Test dyn taalkennis mei blinder of blunder fan PraatmarFrysk. In pear kear yn de wike krijst dan fjouwer nije fragen oer it Frysk tastjoerd, sa learst nochris wat!

Foar Frysktaligen: skriuwe, skiednis en literatuer

Frysk skriuwen is net sa dreech as faak tocht wurdt. Je witte fakentiids mear as dat je tinke! Learendewei silst dat ek fernimme. Doch in kursus Frysk skriuwen om dyn skriuwfeardigens yn it Frysk yn de fingers te krijen of spikerje dyn stavering en grammatika online by. Mar ek in kursus oer skiednis of literatuer […]

Kursus Frysk

Wolst it Frysk ferstean, lêzen, praten of skriuwen leare? Of wolst mear witte oer Fryske literatuer of skiednis? Dan bist by de Afûk oan it goede adres. Al mear as 90 jier fersoarget de Afûk kursussen Frysk foar Frysktaligen en net-Frysktaligen, foar jong en âld, yn groepsferbân of online. Wy ha altyd in kursus dy’t […]

Frije tiid | Frysk yn ’e frije tiid

Yn dyn frije tiid kinst bygelyks in kursus dwaan, sjonge, nei teäter, sporte, tv sjen, lêze, winkelje… Yn Fryslân kin dat ek allegear yn it Frysk.

Begjinside

Dit is de Begjinside