O O O O O O O O

De missy fan de Afûk: ferbine en diele

[/file]Taal is it meast wêzentlike skaaimerk fan de minske. Mei taal kinne wy ús tinzen en gefoelens ûnder wurden bringe, kommunisearje en ús uterje yn ekspresjefoarmen.

De missy fan de Afûk foar de kommende beliedsperioade is: ferbine en diele. Wy wolle troch ús eigen aktiviteiten mei dy fan oaren te ferbinen ús doelen noch better berikke en troch ús kennis en ûnderfiningen te dielen de ekspertize op it mêd fan meartaligens fergrutsje.

Us doelen binne: taalpromoasje, taaloerdracht en kultueroerdracht. En omdat dy net los faninoar steane, wolle wy de gearhing dertusken neistribje. Wy rjochtsje ús dêrby op de folsleine Fryske mienskip fan poppe oant âlderein. Wy wolle Fryslân ferbine mei de wrâld en de wrâld mei Fryslân.

De middels dy’t wy dêrby brûke binne mei it each op de trije haaddoelen byinoar brocht yn Stipepunt, ûnderwiis en Utjouwerij/winkel. Wy sjogge 'Lân fan taal' as it middel by útstek om boppesteande missy
en doelen te realisearjen. Yn ‘Lân fan taal’ giet it om it ferbinen fan taalmienskippen binnen Fryslân mei
dy fan Europa. Wy wolle taal en meartaligens mear sichtber meitsje, nije gearwurkingsferbannen ta stân
bringe tusken mienskippen yn en bûten Fryslân en nije ympulzen jaan oan it (kultuer)toerisme.

Mear witte? Lês ús beliedsplan 2016-2020, hjirûnder as pdf te downloaden.

Download hjir it beliedsplan 2016-2020
Download hjir it produktferslach 2016

b]De Afûk is in ANBI
De Afûk hat in ANBI-status. In ANBI is in Algemeen Nut Beogende Instelling. Foar algemiene ynformaasje dêr oer ferwize wy jo graach nei www.belastingdienst.nl.

Lês hjir de ANBI ynformaasje fan de Afûk:
ANBI ynformaasje St. Afûk
Balâns 2016-2015
Baten en lêsten 2016-2015
ANBI taljochting op balâns en steat fan baten en lêsten 2016-2015

De betelpagina wurdt laden