Yn it noarden fan Dútslân wurdt ek Frysk praten: Noardfrysk en Sealterfrysk.

It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-Dútslân, yn it westlike part fan ‘e Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland), dy’t yn it noardwesten fan ‘e dielsteat Sleeswyk-Holstein leit en dêr’t Hüsem de haadstêd fan is. It Noardfryske taalgebiet beslacht in krite oan ‘e Noardseekust, fuort besuden de Deenske grins, en acht eilannen foar de kust. Fierders wurdt it ek sprutsen op it ta de Kreis Pinneberg hearrende eilân Hilgelân (Helgoland), midden yn ‘e Dútske Bocht. It tal sprekkers is ca. 15.000.

It Sealterfrysk is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan de Iems oant de Wezer sprutsen waard. It Sealterfrysk wurdt sprutsen yn de Kreis Sealterlân (Dútsk: Saterland), yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen, bewesten de stêd Oldenburg, sa’n fyftich km fan de Nederlânske grins by Nijeskâns ôf. Sealterlân, dat in gebiet fan 123 km² beslacht, heart ta de Landkreis Cloppenburg, yn de regio Oldenburger Münsterland. It tal sprekkers is ca. 2.250.