21-28 oktober by MeM: de lêste wike

Frije tiid
15 oktober 2018
Fan 1 april ôf hat Talepaviljoen MeM alle wiken in oare taal, taalmienskip of - tema ûnder har rokken wolkom hjitten. Muzyk, poëzij, foardracht, diskusje, teater, dûns, byld, petearen ... op allerhanne wizen hawwe hûnderten gasten harren (memme)taal en kultuer sjen, hearre en fiele littten. Tûzenen besikers hat MeM sûnt begjin april koestere en se hat fan harren in fracht oan leave en moaie wurden yn ûntfangst nommen. Fan 21-28 oktober is it MeM har lêste wike.

Op moandei 22 oktober en tiisdei 23 oktober hat MeM tiid foar har sels en bliuwe de doarren ticht. Op de oare dagen is MeM fan 12.00 oere ôf oansprekber mei op woansdeitejûn it Talekafee, op tongersdeitejûn it ‘Voluspa-projekt’, op sneontemiddei ‘deropút mei heit&mem’ en op snein it ôfskie …. Sjoch foar mear ynformaasje it wykprogramma hjirûnder en wês wolkom!