Nije poëzijfideo Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV
Hjoed giet der wer in nije poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV. Geandewei dit jier en takom jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne ferfolgens ek online te sjen fia www.dichterfanfryslan.nl, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en de webside fan Omrop Fryslân.