De lytse mol siket al 30 jier…

Boeken fan Fryslan
6 maaie 2024
Al sûnt 1993 siket de lytse mol nei de dieder dy’t him presys op 'e kop skiten hat. Op syn tocht fynt er út watfoar keutels de ferskate bisten produsearje: "Ik doch it sa!’ sei it hynder en ROMMERDEBOM, dêr rôlen fiif grutte, dikke hynstefigen flak foar de lytse mol lâns. Hy wie djip ûnder de yndruk."

It printeboek Fan de lytse mol dy’t witte wol wa’t him op ‘e kop skiten hat is krektlyn foar de tsiende kear werprinte! Dat betsjut dat der yn dik 30 jier mar leafst 20.000 boeken fan de Lytse Mol ferskynd binne!
Dat dizze klassiker bern noch hieltyd yn ’e besnijing hat, blykt wol út de foarstelling dy’t yn it Nederlânsk spile wurdt troch ‘Meneer Monster’. As der Fryske bern yn it teäter sitte, roppe dy, ta fernuvering fan oare besikers, oan ’e ein dat “Hâns-Heine, de slachtershûn” it dien hat.

Der is in printeboek, in kartonboek én in knuffel fan de Lytse Mol! Sjoch gau yn ús winkel of websjop!

Boekgegevens:
Fan de lytse mol dy’t witte wol wa’t him op ’e kop skiten hat
ISBN 978 90 6273 474 0
Auteur: Werner Holzwarth
Yllustrator: Wolf Erlbruch
Utfiering: ynbûn
Priis: € 15,25