Foto: Tresoar

Start fan online lêsgroep boeken Trinus Riemersma

27 jannewaris

Hjoed begjint by Tresoar in online lêsgroep oer boeken fan Trinus Riemersma. Yn de lêsgroep wurdt ienris yn de moanne in boek bepraten. It giet om saken as tematyk en styl, mar ek de fraach wêrom’t in boek dy wol of net oansprekt. De jûnen wurde laat troch Doeke Sijens, Babs Gezelle Meerburg (NHL Stenden) en Meindert Reitsma (Tresoar). Doeke Sijens is dwaande mei in biografy oer Riemersma en Babs Gezelle Meerburg is promovearre op Fabryk as ‘fernijende’ roman. Sjoch hjir foar mear ynformaasje en opjefte.