Ljouwerter projekt Indiveo wint Taalunie ZorgVoorZorgPrijs
Indiveo is in inisjatyf fan Ralph Koppers, longarts by it Medisch Centrum Leeuwarden. Koppers krige de ZorgVoorZorgPrijs op woansdei 23 juny ll. útrikt troch Kris Van de Poel, algemien sekretaris fan de Taalunie en foarsitter fan de faksjuery. De priis, in sjek foar de wearde fan 5000 euro, kin troch Indiveo brûkt wurde foar it fierder ûntwikkeljen fan it materiaal en de gearwurking mei in organisaasje yn Vlaanderen yn it bysûnder.
De oare nominearren wiene de ‘bespreekwijzer erfelijkheidsonderzoek bij borstkanker’ fan UMC Utrecht en de website ‘corona in duidelijke taal’ fan de Flaamske organisaasje Wablieft.
Lês mear oer de Taalunie ZorgVoorZorgPrijs op taalunie.org en lês ek it artikel ‘Medische informatie duidelijk met animatie in eigen taal’ op www.datwiedoesa.nl.