Foto: argyf Boeken fan Fryslân

Fryske Boekewike 2022 set útein mei Frysk Boekefeest

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
3 oktober 2022
Op freedtejûn 28 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek 'De oarloch fan Jan Snip' fan Ferdinand de Jong presintearre wurde. De Fryske Boekewike duorret dêrnei oant en mei 6 novimber. Yn dy perioade krigest it Kadoboek hielendal fergees by oankeap fan € 15,00 of mear oan boeken!

It Frysk Boekefeest wurdt dit jier holden yn sealesintrum ‘Hof van de Koning‘ op it Hearrenfean. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan ‘Las Bandidas’. Om 19:30 oere gean de doarren iepen, it programma begjint om 20:00 oere. De tagong is fergees.

De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Mei de Fryske Boekewike fiere wy it Fryske boek en dêrom stiet dy wike yn it bysûnder it Fryske boek sintraal. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by in besteging fan op syn minst €15,00 oan boeken by dyn boekhannel.