Groepsfoto learlingen WikiWomen-projekt yn Baskelân. Foto: Afûk

Fryske learlingen op útwikseling yn Baskelân foar WikiWomen-projekt

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
25 april 2024
Ferline wike wienen acht learlingen fan de Havotop yn Burgum op útwikseling yn Baskelân yn it ramt fan it projekt WikiWomen. WikiWomen is in gearwurking fan Fryske, Ierske en Baskyske organisaasjes om lesmateriaal te ûntwikkeljen foar it fuortset ûnderwiis, wêryn’t learlingen digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden opdogge troch Wikipedy-artikels te skriuwen.

Oanlieding ta it projekt is de gender gap op Wikipedy (Wikipedia): yn de Wikipedy’s yn de measte talen giet sa’n 80 prosint fan de biografyen oer manlju, en mar sa’n 20 prosint oer froulju. Om dat gat te tichtsjen, mar ek om mear artikels yn de minderheidstaal op Wikipedy te krijen, skriuwe learlingen op middelbere skoallen artikels foar op Wikipedy. Tagelyk dogge se dêrmei digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden op.

De dosinten en learlingen fan it Drachtster Lyceum en de Havotop yn Burgum helpe mei om de lesmaterialen te testen by it ûntwikkeljen derfan. Dat bart ûnder oaren op sa’n útwikseling lykas ferline wike. Sintraal op dy útwikseling stienen de artikels dy’t de learlingen sels al skreaun hienen, bygelyks oer Wyts Juwsma of Linda Terpstra, mar ek it skriuwen fan nije artikels oer Baskyske Wikipedy-weardige froulju.

Ynterkulturele kompetinsjes
Dêrfoar gie de groep Fryske, Ierske en Baskyske learlingen nei de tentoanstelling Larruak eta izurrak ta, mei moderne keunst makke troch froulike Baskyske keunstners. Dêrnei wurken alle learlingen mei-inoar gear om oer dy keunstners nije Wikipedy-artikels te skriuwen: yn it Ingelsk, Frysk, Iersk én Baskysk. Neist it wurkjen mei Wikipedy en it skriuwen fan nije artikels, smiet de útwikseling nóch wat weardefols op: it opdwaan fan ynterkulturele kompetinsjes. Sa hawwe se leard oer inoars lânskip, muzyk, iten en gewoanten op ferskate útstapkes. Yn de omgong mei learlingen út oare kultueren kamen se pas echt tsjin wat harren kultuer eigen makket.

Nei Fryslân ta
Yn novimber komme de Baskyske en Ierske learlingen nei Fryslân ta om it projekt mei-inoar ôf te sluten. It (les)materiaal dat it WikiWomen-projekt opsmyt, sil ein dit jier foar alle skoallen yn Fryslân beskikber wêze troch de Fryske lesmetoade Searje 36 en fia www.wikiwomen.eu.