‘It neidiel fan ‘e twivel’ fan I.E. Bloem bekroand mei in White Raven

Boeken fan Fryslan Frije tiid
17 oktober 2022
It neidiel fan ‘e twivel fan I.E. Bloem is ien fan de White Ravens op de jierlikse list fan de Internationale Jugendbibliothek München. Earder dit jier waard it boek, dat yn 2021 ferskynde by Utjouwerij Afûk, ek al bekroand mei de Simke Kloostermanpriis 2022 as bêste berne- of jeugdboek. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer. Dit jier presintearret de White Ravens-katalogus in seleksje fan 200 opmerklike berne- en jeugdboeken út 53 lannen yn 37 talen. Yn totaal hawwe acht Nederlânsktalige boeken en ien Frysktalich boek in White Raven krigen.

It neidiel fan ‘e twivel is de twadde jeugdroman fan I.E. Bloem, dy’t yn 2020 debutearre mei Eudaimoania. Lange tiid wie ûnbekend wa’t der skûl gie efter de namme I.E. Bloem, mar sûnt de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis op 23 septimber l.l. witte wy dat Jan Minno Rozendal ûnder dat pseodonym skriuwt.

Yn It neidiel fan ‘e twivel giet it oer Bas. Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei ‘t sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it coronafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no’t se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline?

Alle White Ravens binne opnommen yn in katalogus, dy is hjir te downloaden is. Fan 24 oktober ôf presentearret de Internationale Jugendbibliothek yn München de 200 White Ravens boeken efter elkoar op @thewhiteravens.books op Instagram ûnder de hashtag #ravenoftheday. Dêr fynst ek eftergrûnferhalen, eardere White Ravens en mear.