‘It neidiel fan ‘e twivel’ fan I.E. Bloem bekroand mei in White Raven
It neidiel fan ‘e twivel is de twadde jeugdroman fan I.E. Bloem, dy’t yn 2020 debutearre mei Eudaimoania. Lange tiid wie ûnbekend wa’t der skûl gie efter de namme I.E. Bloem, mar sûnt de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis op 23 septimber l.l. witte wy dat Jan Minno Rozendal ûnder dat pseodonym skriuwt.
Yn It neidiel fan ‘e twivel giet it oer Bas. Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei ‘t sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it coronafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no’t se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline?
Alle White Ravens binne opnommen yn in katalogus, dy is hjir te downloaden is. Fan 24 oktober ôf presentearret de Internationale Jugendbibliothek yn München de 200 White Ravens boeken efter elkoar op @thewhiteravens.books op Instagram ûnder de hashtag #ravenoftheday. Dêr fynst ek eftergrûnferhalen, eardere White Ravens en mear.