Foto: thússide www.simkekloosterman.frl

Feestlike útrikking fan de biografy oer skriuwster Simke Kloosterman

21 juny

Hjoed om 16.00 oere yn de Petrustsjerke yn Twizel: de feestlike útrikking fan de biografy oer skriuwster Simke Kloosterman. De hear Philippus Breuker sil syn boek dan presintearje oan de foarsitter fan it Simke Kloostermanlien, de hear Oebele Brouwer. It offisjele part fan it programma duorret in oere. Dêrnei binne alle oanwêzigen fan herte wolkom yn ’e tún fan it Simke Kloostermanhûs, foar in noflike neisit mei in hapke en in drankje. De keunst as útwei, biografy fan Simke Kloosterman (1876-1938) is fan dan ôf fansels te keap yn de boekwinkel.