Artvark & Nyk de Vries presintearje ‘TAGELYK’

14 juny

‘Tagelyk’ is de titel fan it nije album fan skriuwer/muzikant Nyk de Vries en it Rotterdamske Artvark Saxophone Quartet. It is in opmerklik keunstwurk wurden, in muzykalbum en harkboek yn ien mei yllustraasjes fan keunstner Willie Darktrousers. De presintaasje is fannejûn yn Doka yn Amsterdam en de hiele simmer binne der optredens op renomearre festivals (û.o. Lowlands) en fergese optredens by in grut tal boekhannels troch hiel Nederlân. Lês hjir it folsleine parseberjocht en sjoch foar in folslein programma op artvarksq.com.