Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

Berneboeke-ambassadeur op besite by CSG Liudger Raai yn Drachten

6 july

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur (BBA) yn Drachten op CSG Liudger Raai. De learlingen dêr hawwe twa wike lang projektwike, en de BBA sil oan de slach yn kombinaasje mei it fak technyk of byldzjende foarming. Wat te tinken fan in workshop gedichten skriuwe en dan foarmjaan mei moai drukwurk. Sa komt tekst en ferhaal ta libben! Ek de BBA ris útnûgje? Nijsgjirrich nei de lêskoffers? Sjoch foar mear ynformaasje op dizze webside.