Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

‘Nationale voorleeswedstrijd’ op CBS De Gearing yn Ie

19 oktober

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) is hjoed op CBS De Gearing yn Ie, dêr is sy sjuerylid foar de foarlêswedstriid. Fjouwer dappere froulju út groep 7/8 dogge hjoed mei, wa fan harren giet troch nei provinsjale rûnde foar de ‘Nationale voorleeswedstrijd’?! En, no’t sy der dochs is giet de BBA ek by alle kombiklassen del. Liket it dy leuk dat de BBA ek ris by jim op skoalle komt? Sjoch foar alle ynformaasje op berneboekeambassadeur.frl.